Yn petear mei Hindrik van der Meer

It is foar my suver in eare it alderearste stikje yn dizze rubryk (“Yn petear mei”) fan de Nijsbrief te skriuwen. In nij inisjatyf fan de gongmakkers fan alles wat der bart yn it bertehûs fan Gysbert Japicx. It brûst dêr tige op dit stuit mei it besykjen Gysbert Japicx op de kaart te setten. As de “ûntdekker” fan ús taal, mar ek as de oantruner om der fjouwer ieuwen letter noch goed op te passen. Hoe’t ik der ta kommen bin my as bestjoerslid oan te sluten by it Gysbert barren, is ien fan de fragen dy’t steld wurdt.

Hindrik van der Meer 2 - lytsYn myn gefal leit it oars: ik haw my net by it Gysbert Japicxbarren oansletten, mar fiif en tweintich jier lyn stie ik oan de widze fan wat it Gysbert Japicxhûs wurden is. Doe bestie der allinne de Stichting Gysbert Japicx dy’t sa no en dan gearkaam, mar dêr’t jo fierder net sa’n soad fan hearden. Dy Stichting hie ek gjin eigen domisily. Wol wie it wat boufallige bertehûs fan Gysbert oan de Wipstrjitte har skonken. It wie by testamint neilitten troch it echtpear Holckema út Ljouwert, noch famylje fan Gysbert Japicx Holckema, út it neiteam fan syn suster. De Stichting socht nei in gaadlike bestimming foar dat hûs.

Doe’t yn de tachtiger jierren de grutskalichheid yn it heger beropsûnderwiis begûn ta te slaan kaam der in nochal frjemde regeling dat fyftich plussers plak meitsje koene foar jongere krêften. Hoewol’t ik it tige nei it sin hie as muzyklearaar oan Pabo De Him yn Snits, haw ik dat doe dochs dien. Sadwaande lei der ynienen in see fan tiid foar my. De krante hearde der fan en frege wat ik dêr mei dwaan soe. “In soarte fan ambassade oprjochtsje foar it Frysk” wie myn andert. De driuw dy’t ik hie om mei de studinten fryske kulturele projekten te dwaan sa as bygelyks “Joazef Master Dreamer” soe fansels net samar ophâlde.

De doedestiidske Bolswerter gemeentesiktaris Jan Terra lies it artikel en naam kontakt mei my op. Oft dy “ambassade” faaks yn it bertehûs fan Gysbert koe? By it besichtigjen fan it hûs sakke ik troch de flier, mar ik hie wol in idee foar gâns mooglikheden, en it bestjoer hie der wol earen nei. Earst waard ik riedjouwer en letter bestjoerslid.

Yn de rin fan de jierren kaam earst de de aksje “Twa ton foar Gysbert”, doe de ferbouwing, de tekstwinkel, de útstalling oer Gysbert, “It ferhaal fan de taal”, de grutte Gysbert Betinking yn 2003. Oeral wie ik by belutsen, faak minder bestjoerlik as wol artistyk. Benammen ek de busreizen dy’t myn frou Beitske en ik al earder opset hiene, krigen in grutte taflecht. It tema foar de 7 ferskillende tochten wie:”Reizgje mei troch it lân fan fan skriuwers, dichters en muzikanten” Alle kearen wiene de bussen fol. Hûndert fjirtich kear yn fyftjin jier. It Gysbert Japicxhûs naam nei twa jier de organisaasje derfan hiel effektyf fan ús oer.

Sa begûn mei feriene krêften it bertehûs fan Gysbert hieltyd mear op in “ambassade” te lykjen. Nettsjinsteande it grutte manko fan strukturele subsydzje, dêr’t wy al jierren om freegje by de provinsje en de gemeente, is it op dit stuit ien en al libben mei de projekten foar it Betinkingsjier. Wy stean as Stichting net allinne noed foar wat wy literêr oan Gysbert te tankjen hawwe, mar besykje ek de Friezen oan te poenen Gysbert te folgjen yn it respekt foar en it brûken fan ús moaie taal. De lêste ûndersiken oer de status en it plak fan it Frysk by de folgjende generaasje wize ommers net bêst. It bliuwt tige nedich op de tromme te slaan foar in respektabel plak.

Hindrik vd Meer 1

Taal en muzyk hawwe my al in libben lang tige yn de besnijing. Krekt as muzyk is taal in ryk algemien minsklik en mondiaal kultureel erfguod en wy soene as wrâldbefolking mear ferbinings lizze moatte om dy oerâlde klanken mienskiplik en wrâldwiid te hoedzjen en te respektearjen. Ien fan de lieten dy’t ik makke, hat as refrein: “Lit dyn eigen taal net swije. Eltse taal kin sprekken lije. Wês net slop. Slaan op de tromme. Lit de talen net ferkomme. Tûzen talen, ien boeket, tulpen en ferjit my net. Grutte taal is grutte macht. Slaan foaral de lytsen acht.”

Sa’t ik al sei, haw ik tige niget oan sawol taal as oan muzyk en dat wurket dûbel. “Als een tekst een melodie krijgt Hindrik, dan gaat die tekst op de wieken” sei myn oargellearaar eartiids. Sa hawwe hiel wat teksten wjukken krigen: fryske berneferskes, fryske lieten, fryske tsjerkelieten, fryske musicals.

Ta beslút eat oer in foar my ûnferjitlik taalmomint, dêr’t de redaksje ek om frege. Sokke mominten wiene der foar my eins in hiel soad. Ik pak der ien út en gean dêrta in heale ieu werom yn de tiid. “Tuan bitjara bahasa Belanda dirumah?” “Prate Jo thús Nederlands?” Dat frege my in Papoea-jonkje yn 1962. Ik wie doe ûnderwizer yn it doe noch Nederlandsch Nieuw-Guinea. “Tidak”, sei ik: “Dirumah saja bitjara bahasa Fries” “Nee, thús praat ik Frysk” “Hoe klinkt dat dan?” frege in oaren ien. “Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries”. ”Tuan bisa adjar itu sama kami?” “Kin menhear ús dat leare?” En út 48 prachtige brune kroeskoppen klonk dêr yn dat fiere lân Grutte Pier syn tekst.

Fries gedicht winnares
Michelle lêst har Frysk gedicht foar yn de Martinytsjerke fan Boalsert

Dat wie al in bysûnder moment, mar der kaam noch in ferfolch. Doe’t wy 40 jier letter nochris yn Papoea wiene, kamen ferskate âld-learlingen fan oer de fyftich der entûsjast mei oan! In bysûnder moment. Fjirtich jier hiene se it opslein, en koene it sa noch opsizze. De fraach dy’t dat earste jonkje stelde, rekke doe al by my in snaar. Hy is my altyd bybleaun. Nijsgjirrigens nei myn echte identiteit hie er, nei myn eigen taal. Myn “boadskip” ta beslút: “Niet in mijn elf steden, noch in mijn heerlijkheden ben ik het meest mijzelf, maar in de taal, het instrument waardoor ik ademhaal” sei de Hollânske dichter Ed Hoornik oer it Frysk. Dat jildt foar ús Frysk, mar tagelyk foar alle talen. Wy moatte rom tinke, mar tagelyk fêsthâlde oan de eigen identiteit. “Wa’t wend is Frysk te sprekken, hoecht him hjir net te ferbrekken” hong eartiids by ús toskedokter yn de wachtkeamer. Folhâlde dus: jo krije der gjin pinemûle fan!