Iepening ‘350e betinkingsjier’ Gysbert Japicx
Sneon 21 maaie waard yn de Martinytsjerke yn Boalsert it Gysbert Japicxjier iepene. Goed trijehûndert belangstellenden krigen in ôfwikseljend programma fan sprekkers en muzyk foarset by de betinking fan it 350ste stjerjier fan Gysbert Japicx.
De middei waard iepene troch Bert Looper fan Tresoar en Willemina Vroegindeweij fan it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert. Wat betsjut de Fryske taal foar ús en hoe giet it fierder? Looper fynt it betinkingjier slagge as dy en oare fragen steld wurde kinne. Vroegindeweij neamt de aktiviteitendy’t dit betinkingsjier op steapel steane, ien dêrfan is Taalsignaal. De fraach dy’t steld wurdt is: hoe kinne wy it automatisme dat Friezen te fluch oerstappe op de Nederlânske taal trochbrêkke? Dêrta wurdt in ûnderlizzer útbrocht dy’t yn de provinsje ferspraat wurde sil. Dy jout in oantal ienfâldige Fryske sinnen dy’t Nederlânners brûke kinne om it petear yn it Frysk te hâlden. De earste ûnderlizzer waard oanbean oan wethâlder Bakker fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
It programma hie ferskate muzikale yntermezzo’s, ûnder lieding fan Hindik van der Meer. Sa song in gelegenheidskoar in tal troch Gysbert Japicx skreaune lieten, letter tekstueel en muzikaal bewurke, wêrûnder bygelyks Psalm 8 en ’By ’t opgean fan de sinne’. Twa leafdesferskes fan Tsjerne en Yntske waarden op in prachtige manier fertolke troch Nienke de Jong-de With en Hans Wempe (folwoeksenen) en Janneke Overal en Sybo Boersma (bern).

Deputearre Sietske Poepjes neamt Gysbert Japicx in fûnemint fan ûnskatbere wearde foar de Fryske taal. Taalbelied op provinsjaal nivo soe net bestean sûnder it wurk fan Gysbert Japicx. Net om ‘e nocht is de wichtichste Fryske literatuerpriis nei him neamd. Mei alle aktiviteiten dit jier wurkje wy ta nei 2018, it jier wêryn’t mei de Kulturele Haadstêd nochris ekstra oandacht jûn wurde sil oan it belang fan de Fryske taal foar Fryslân.
Abdelkader Benali (dichter, ûnder oare winner fan de Libris literatuerpriis) fertelt oer it bêste gedicht dat hy ken oer Nederlân, fan de Russyske dichter Joseph Brodsky. Hy beskriuwt it libben fan dy, ûnder ballingskip libjende Rus. Fia syn oersetter komt Benali yn oanrekking mei de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. Sawol Brodsky as Hettinga binne foar him kosmopolitanen dy’t tichtby de definysje fan dichter komme. Hja “wize ús de wei troch mei yntime taal de omkrite te tsjutten”, neffens Benali. Foar Benali is Gysbert Japicx in kosmopolitaan avant-la-lettre. Hy behearde ta it bûnte selskip fan dichters dy’t mei taal nije linen witte oan te jaan, lykas ek Francis Bacon. Ferljochtsjend. Untdekke fan in nije wrâld. Mear hoege dichters net te dwaan, neffens Benali.
Meindert Reitsma (master Frysk) freget him ôf wêr’t Gysbert Japicx benammen foar stiet. Is it de betsjutting foar literatuer of foar de striid foar it Frysk? Hy neamt de seis dissertaasjes yn de rin fan de tiid oer Gysbert Japicx:1929, 1936, 1938, 1974, 1989 en 2015. De dissertaasje fan Breuker yn 1989 is wol de meast wiidweidige stúdzje. Hein de Jong docht yn 2015 in mear psycho-analytyske stúdzje nei de dichter. Reitsma konkludearret: Gysbert Japicx levere doedestiids in útsûnderlike prestaasje: hy publisearre yn it Frysk yn in tiid dat sosk net gewoan wie. En Gysbert Japicx wist wat er die. Hy wie foar syn tiid in grut dichter.
Henry Baron is Fries-om-útens en professor oan it Calvin Kolleezje yn Amearika. Hy emigreare as 14-jierrige jonge. “Alles bliuwt efter, mar de taal giet mei”, neffens Baron. Hy moete Bearend Joukes Fridsma (fan de Frisian Newsletter) yn Grand Rapids. Fan dy tiid ôf stie syn libben yn it ramt fan alles wat Frysk wie. Lesjaan, wurdboeken, oersette. Hy neamt Gysbert Japicx de Fryske Shakespeare. De taal is meigien en ûnderdiel fan identiteit. Hy is Gysbert Japicx tankber foar it kreatyf gebrûk fan de Fryske taal. Sil dat noch lang sa trochgean?
Sigrid Kingma fynt it benammen bysûnder dat ien persoan in taal rêde kin. Te faak giet it oer it fuortbestean fan it Frysk.Foar har is it logysk om yn it Frysk te dichtsjen om’t sy har yn dy taal it bêste útdrukkekin. It Marne Kolleezje jout omtinken oan it Frysk troch twa kear yn it jier in Fryske wike te organisearjen. Wichtichste doel is om it Frysk net as ekstra fak mar as karfak oan te bieden, wêrtroch’t mear learlingen dat as eksamenfak kieze. Gysbert Japicx komt net foar yn it bidboek fan KH2018. Dochs is Lân fan Taal it grutste projekt binnen KH2018. Oeds Westerhof sjocht KH2018 as katalysator tusken Europa en Fryslân en dus de Fryske taal en identiteit.
Wurdt Gysbert Japicx wolris sitearre yn de Steaten, lykas Shakespeare yn it Ingelske parlemint? Nee, mar dêr wurdt wol hieltyd mear gebrûk fan it Frysk makke, neffens FNP-steatelid Sybren Posthumus. Wichtige fraach is foar him wol hoe’t it Frysk trochjûn wurdt yn dit digitale tiidrek.
Trijntsje van der Feer (skriuwersbûn) wit dat de measte Fryske skriuwers bekend binne mei it erfgoed fan Gysbert Japicx. Salang’t de taal brûkt wurdt, libbet de taal. It ferbynt it ferline mei de takomst. Gysbert Japicx ynspirearret noch hieltyd, lykas Shakespeare, fynt Van der Feer.