Dichter Eppie Dam ûntfangt Gysbert Japicxpriis 2017

Yn 1947 krige de no noch tige wurdearre dichter Obe Postma (1868-1963) de Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel It sil bestean. Santich jier letter, ôfrûne sneontemiddei 14 oktober, is troch deputearre Sietske Poepjes yn de Martinitsjerke fan Bolswert Eppie Dam dy heechste literêre priis fan Fryslân útrikt. “Syn namme nea yn uws gehûgnis stjert”, waard ea sein fan Gysbert Japicx (1603-1666).

Dichter Eppie Dam nimt Gysbert Japicxpriis yn ûntfangst foar syn bundel ‘Fallend Ljocht’

De namme fan Obe stiet takom jier op it gebou fan Lân fan Taal, mar de namme fan dichter Eppie Dam sil ek net gau yn it ferjitboek reitsje. Is der fan Gysbert mar ien dichtbondel, Obe Postma skreau acht en Eppie Dam achttjin.

 

 

 

It folsleine ferslach is te lêzen op: https://www.itnijs.frl/2017/10/fan-obe-nei-eppie-santich-jier-gysbert-japicxpriis/