Earste gearkomste foar de ‘Freonen fan Gysbert’!

De earste gearkomste foar de ‘freonen fan Gysbert’ wie op sneon 14 oktober yn it stedhûs fan Boalsert. Fan 10 oere ôf wiene de freonen wolkom en wie der in kopke kofje mei in stikje Fryske oranjekoeke yn de ‘Vierschaar’ fan it stedhûs.

It offisjele programma begûn krekt nei healwei alven. De foarsitter fan it bestjoer, Mw. W. Chr. Vroegindeweij, iepene dizze moaie dei. Letter krige dhr. Sylvester Adema (fan Adema architecten yn Boalsert) it wurd en hy hat ferteld oer de plannen mei it prachtige stedhûs fan Boalsert, de gearwurking mei ferskate ynstânsjes en natuerlik it plak foar Gysbert Japicx, Jacob Gysberts (de heit fan Gysbert) en de Fryske taal.

Sylvester Adema ljochtet de plannen ta.

Nei in twadde kopke kofje krigen we fan dhr. Jan van der Klis in prachtige rûnlieding troch it stedhûs. We krigen alle keamers te sjen en natuerlik koene we ek efkes yn de âldhiedskeamer terjochte.

Jan van der Klis fertelt oer it stedhûs

 

 

 

 

 

 

 

 

Fan healwei ienen of wie de ‘Vierschaar’ klearmakke foar de lunsj. Der wiene ferskate broadsjes, sûkerbôle, molke, sûpe en fruit foar de leafhebbers. It wie in prachtige moarn dêr’t de freonen ynformaasje krigen hawwe, mar se hawwe ek de tiid krigen om mei mekoar yn ‘e kunde te kommen.

lunsj yn ‘e Vierschaar

Middeis koene de freonen nei de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis yn ‘e Martinitsjerke dêr’t de Gysbert Japicxpriis utrikt waard oan Eppie Dam foar syn bondel ‘Fallend Ljocht’. Hij krige de priis út hannen fan deputearre Sietske Poepjes.

Hindrik van der Meer hat de ‘Lytse Gysbert Japicxpriis’ útrikt oan Jens Zuiderbaan fan ‘ABBS de Fluessen’ te Oudega (De Fryske Marren). Hij krige de priis foar syn gedicht ‘Fakânsje’.

Dizze freonedei wie net mooglyk sûnder de meiwurking fan de gemeente Súdwest Fryslân, boade Paul Nota, de arsjitekt Sylvester Adema, rûnlieder Jan van der Klis en ûs eigen catering fersoarge troch Roswitha en Halbe. Tige tank hjirfoar!

Graach oant sjen!

Bestjoer Gysbert Japicxhûs