|
De tekstwinkel
De unike winkel dêr't jo in tekst bestelle kinne foar in brulloft, berte, foar in jierdei, of oare saken yn in minskelibben. Der binne in tal skriuwers oan de winkel ferbûn dy't jo gegevens yn in foarm ferwurkje sa't jo dat wolle.
Om in tal te neamen
|
De tekstwinkel De unieke tekstwinkel waar u een tekst kunt bestellen voor een bruilloft, een geboorte, een diploma behalen of een nieuwe baan.Ook voor verjaardagen, trouwerijen, Abrahams en Sara's liggen gedichtjes met een akwarel op kaart gezet, voor u klaar. Zomaar een gedicht over Friesland of een gedichtje voor iemand die het moeilijk heeft. U vindt ze hier of ze worden voor u gemaakt. Bijzonder zijn de naamkaarten waar de betekenis van de naam in een gedicht verwerkt is. Meer dan 100 kaarten met een gedicht op voorraad.
Om een aantal te noemen:
|
Flarden
€ 9,50ISBN 97890804318 'Flarden' is in bondel mei 15 jier wurk út it Gysbert Japicxhûs wei. Gedichten; koarte stikjes; in bertefers; gelegenheidsgedichten; in fers makke nei it ferstjerren fan in beppe foar har beppesisser; in maitiids, simmer, winterfers dit alles opmakke mei akwarellen, tekeningen, dy't yn de 15 jier troch skriuwers en tekeners oanlevere binne of yn opdracht makke. It is in boekje wurden mei in griemmank fan fersen, moai opmakke. It is bysûnder om te sjen wat der yn in tekstwinkel mooglik is. In moai boekje om te hawwen en om hieltyd op 'e nij te pakken foar bepaalde gelegenheden. |
Flarden € 9,50 ISBN 97890804318 'Flarden' is een bundel met 15 jaar werk uit het Gysbert Japicxhûs. Gedichten; korte verhaaltjes; 'n geboortevers; gelegenheidsgedichten; 'n vers gemaakt na het overlijden van oma voor haar kleinkind; 'n lente, zomer, wintervers. Dit alles opgemaakt met aquarellen, tekeningen die in de 15 jaar door schrijvers en tekenaars zijn aangeleverd of in opdracht gemaakt. Het is een boekje geworden met 'n verzameling verzen en het is afwisselend geïllustreerd. Het is leuk om te zien wat er in een tekstwinkel mogelijk is. Een prachtig boekje om te hebben en om telkens weer te lezen bij bepaalde gelegenheden. |
|
Gysbert Japix. Een keuze uit zijn werk.
€ 25,00ISBN 9080431834 Yn it 400e bertejier fan de Fryske dichter Gysbert Japix is dizze prachtige útjefte útkommen, dêr't in grut part fan syn wurk, trijetalich, yn opnommen is. Neist it 17-ieuske Frysk, steane in moderne Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma en Jan Popkema, en in Nederlânske oersetting fan Atze Bosch, dy't de oersettings út 1989 fan de ferstoarne Douwe Tamminga oanfolle hat. Net earder koe it wurk fan Gysbert, dy't op likense hichte stiet mei bekende Nederlânske tiidgenoaten as Vondel, sa wiidweidich rieplachte wurde. Der steane gedichten yn mei in grut ferskaat, oer leafde, brulloft, hoeders en oer it libben en de dea, en der binne psalmberimingen. Yn in 'ten geleide' jout redakteur en Gysbert-kenner Philippus Breuker de wearde fan dizze dichter nochris oan, seit wat oer syn libben en literêre ûntwikkeling en ferantwurdet de útjefte. Efter yn it boek stiet de ferklearring oangeande de datearring, sjenres en histoarysk en persoanlike saken. (bûn, 264 siden) |
Gysbert Japix. Een keuze uit zijn werk. € 25,00 ISBN 9080431834 In het 400e geboortejaar van de Friese dichter Gysbert Japicx is deze prachtige uitgave verschenen waarin een flink deel van zijn werk, drietalig, wordt gepresenteerd. Naast het 17-eeuwse Fries, staat een moderne Friese vertaling van Klaas Bruinsma en Jan Popkema, en een Nederlandse vertaling van Atze Bosch die de vertalingen uit 1989 van de vorig jaar overleden Douwe Tamminga aanvulde. Niet eerder kon het werk van Gysbert, die op gelijke hoogte staat met bekende Nederlandse tijdgenoten als Vondel, zo uitvoerig worden geraadpleegd. Er zijn gedichten van velerlei soort, liefdesgedichten, bruidsliederen, herdersgedichten en over het leven en de dood, en er zijn psalmberijmingen. In een 'ten geleide' geeft redacteur en Gysbert-kenner Philippus Breuker de waarde van deze dichter nog eens aan, zegt iets over diens leven en literaire ontwikkeling, en verantwoord de uitgave. Achter in het boek staan verhelderende toelichtingen met betrekking tot datering, genres en historische en persoonlijke zaken. (gebonden, 264 bladzijden) |
|
Skriuwers yn byld: Gysbert Japix
€ 10,00In printeboek dat mei koarte beskriuwings in goed byld jout fan it libben en wurk fan Gysbert Japix. |
Skriuwers yn byld: Gysbert Japix € 10,00 Een prentenboek dat aan de hand van korte beschrijvingen een goed beeld geeft van het leven en werk van Gysbert Japix. |
|
De Nekslach fan Wiebe Warber
€ 10,00ISBN 90-804318-2-6 De skriuwer fan dit ferhaal nimt ús mei op syn iensume reis as ferkearsslachtoffer, dy't troch ûnfolsleine diagnoaze net de goede behanneling krijt. Húsdokters neame it in whiplash, nimme de earnstige klachten net serieus en werkenne de ferskynselen fan harsenletsel net. Nei moannen fan ynvalidearjen (minder wurden) komt de wierheid oan it ljocht. Op yngeande wize wurdt fan binnenút beskreaun wat der bart mei de minske sels en de neiste omjouwing. Dit kin eltsenien oerkomme…. Oerset yn it Frysk troch Jouke Hylkema. Ook in het Nederlands verkrijgbaar. |
De Nekslag van Wiebe Warber € 10,00 ISBN 90-805771-2 De schrijver van dit verhaal neemt ons mee op zijn eenzame reis als verkeersslachtoffer, die door onvolledige prognose niet de goede behandeling krijgt. Huisartsen noemen het een whiplash, nemen de ernstige klachten niet serieus en herkennen de verschijnselen van hersenletsel niet. Na maanden van invalideren (verslechteren) komt de waarheid aan het licht. Op indrukwekkende wijze wordt van binnen uit beschreven wat er gebeurt met de mens zelf en zijn naaste omgeving. Dit kan iedereen overkomen Vertaald in het Fries door Jouke Hylkema. |
|
Krystferhalen fan Etie Pasma-de Vries
€ 5,00 (útferkocht)Foar folwoeksenen en bern. Koarte, tige werkenbere ferhalen om foar of sels te lêzen. |
Kerstverhalen door Etie Pasma de Vries € 5.00 (uitverkocht) Voor volwassenen en kinderen. Korte, herkenbare verhalen om voor of zelf te lezen. |
|
Kabouter Pimpelnoas, beppe fertelde en wer trochferteld, opskreaun en tekene troch Ate van der Werf
€ 15.00ISBN 90-77863-02-8 Beppe Sytske de Boer-Dykstra (1876-1966) troud mei Ate Reins de Boer (Waringsfliet), fertelde oan har bern en letter oan de beppesizzers kabouterteltsjes. Hja die dat jûns ûnder melken en op wei nei tsjerke. Beppe fertelde oer kabouter Pimpelnoas, dy't deun neist de tsjerke fan Reahûs yn in poddestoel wenne en dy't sa graach ien kear op de hoanne fan de toer sitte woe, oer it lytse mantsje dat troch de readbûnte ko opiten waard, oer beppe Teats dy't sa graach lytse pykjes by har hinnen hawwe woe, oer pastoar dy't syn wite do kwyt wie en oer it midwinterfeest fan de kabouters. Beppe fertelde ek oer kabouters, dy't op hazzen rieden of op de grutte sulverreager fleagen en mei de bisten praten. Ja, sels mei de fisken. Yn dit boek sille we sjen dat kabouter Pimpelnoas de wûnderlikste aventoeren belibbet. Ate van der Werf (Burchwert 1933), skilder en tekener en ien fan har beppesizzers hat de ferhalen opskreaun. De lêste jierren hat hy der pintekeningen by makke. (bûn, 136 siden) |
Kabouter Pimpelnoas, beppe fertelde en wer trochferteld, opskreaun en tekene troch Ate van der Werf € 15.00 ISBN 90-77863-02-8 Oma (beppe) vertelde aan haar kinderen en later de kleinkinderen verhaaltjes over kabouters. Zij vertelde 's avonds, onder melken (tussen 4 en 5 uur) of op weg naar de kerk. Oma vertelde over de kabouter die naast de kerk in Roodhuis woonde en die zo graag, een keer, boven op het haantje in de toren wilde, over de kabouter die opgegeten werd door de roodbonte koe en die er voor zorgde dat de kippen van oma Teats kuikentjes kregen en over de kabouter die met vissen en vogels sprak en de wonderbaarlijkste avonturen beleefde met andere kabouters en de mensen in het dorp. Ate van der Werf, tekenaar en schilder, en een van haar kleinkinderen heeft de verhalen opgeschreven en er pentekeningen bij gemaakt. (gebonden, 136 bladzijden) |
|
43
€ 6.15Dichtbondel fan Boukje Altena-Dooper. Gedichten oer barrens, dy't yn in minskelibben hiel gewoan binne, mar sa as hjir beskreaun, bysûnder wurde. |
43 € 6.15 Dichtbundel van Boukje Altena-Dooper. Gedichten over gebeurtenissen uit het dagelijkse leven, die in een mensenleven heel gewoon zijn, maar zoals hier beschreven bijzonder worden. |
|
|
Fryske Spreukekalinder € 12.95 Foar dizze kalinder meitsje de skriuwers, dy't oan de tekstwinkel ferbûn binne, de siswizen en de gedichtsjes. Hawwe jo gedichtsjes of siswizen en tinke jo dy soenen ek wol yn de kalinder kinne, nim dan kontakt mei ús op of stjoer se ús ta. As se pleatst wurde (as it kin foar elke moanne ien) krije jo in kalinder. |
||
| Wolle jo ien fan dizze boeken / kalinder keapje klik dan op bestelling. | Wilt u een van deze boeken / kalender kopen klik dan op bestelling. | |
€ 9,50
€ 25,00
€ 10,00
€ 10,00
€ 5,00 (útferkocht)
€ 15.00
€ 6.15